NIJS   26-11-2015


Achtkarspelen: Bydrage Sjoerd Groenhof yn de spreekbuis fan novimber 2015

Jo binne tûk genôch !!

Jo binne tûk genôch !

 

Wichtige saken, dêr kin yn ‘e ried lang oer steggele wurde. Bygelyks de oanspraaklikens fan ús (sport)ferienings. As FNP hawwe wy jo as boarger heech, jo binne tûk genôch om te sjen dat guon berjochten yn ‘e lokale media "gekleurd" skreaun binne. De FNP fynt dat jo rjocht hawwe op de feiten.

 

Oanspraaklikens en ferantwurdlikens ferienings: by skea komt de fersekering om ‘e hoeke te sjen. Ferienings moatte harren fersekeringssaken goed op oarder hawwe. It grutte tal frijwilligers dy't harren hert en siel yn ‘e klup sette witte tige goed hoe't it spul der by leit, sy binne der ommers wykliks, somstiden sels alle dagen. Op dizze minsken kin men fertrouwe.

Mar as jo dan by ferskate klups freegje as sy bygelyks taret binne op sa'n slim ûngelok as foarich jier bard is, dêr is gjinien op taret. Begripelik komt der in brief fan guon sportferienings. It Kolleezje riedsútstel seit no dat de ferienings kieze kinne út;

1. Algehiele ferantwurdlikens en oanspraaklikens, dit wurdt regele troch it rjocht fan opstal, by ûngemakken of kalamiteiten by eigendommen fan de ferienings boud op gemeentegrûn keart de fersekering út, guon ferienings hawwe dit al sa regele, of;

2. It dochs by de gemeente del lizze. Dit hat fansels in kostenplaatsje, de gemeente moat sels aardich mear tafersjoch op de akkommedaasjes en eigendommen fan de ferienigings hâlde wat it ûnderhâld oanbelangjend en dit freget mankrêft.

Mar, wa is ree foar earnstige kalamiteiten mei in grut emosjoneel gefolch? Gjinien op de wrâld, litte wy dêr earlik oer wêze. Seker gjin feriening yn Achtkarspelen. Mar as it dan bard dán nimt de gemeente har morele ferantwurdlikens om fuotdaliks by te springen mei man macht en kunde. Om dit fêst te lizzen hat de FNP in amendemint ynbrocht dy't dizze plicht swart op wyt set hat. Sa stiet it Kolleezje deryn en de wethâlder wie hjir hiel helder yn.

 

En dan; it ynsammeljen fan it âld papier. Sa jild te fertsjinjen foar de klupkas is, mei troch it CDA jierren lyn ferlern gong. In gefolch hjirfan is dat de infrastruktuer by de ferienigings no fuort is. De FNP wol de ferienigings graach ekstra jild ta ha, mar dan wol yn álle doarpen en foar álle tsjerken en ferienings! De FNP wol de doarpen graach wize op oare mooglikheden, sa as it "zwerfafval"projekt. Nim kontakt op mei de gemeente!

 

Is it dan sa'n harsenskraabjen yn ‘e ried fan Achtkarspelen? Nee, hear! Want wat is it geweldich dat der in moasje leit fan CDA, FNP, GBA, PvdA en VVD om de ûntwikkelingsmooglikheden fan de "Schuilenburgput" fierders te ûndersykjen! Gearwurkje om it toerisme yn ús skitterjende gemeente op in heger nivo te tillen. Sa heart it, sa is it goed.

 

Sjoerd Groenhof



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer