NIJS   18-11-2015


Dongeradiel: De FNP Dongeradiel makket har soargen oer útfiering omkearde bewiislest

By winning fan grûnstoffen( gas,sâlt,oalje) net mei 2 maten mjitte.

FNP Dongeradiel is der net gerêst op dat de feilichheid fan minsken en besittings yn it winningsgebiet fan gas garandearre is.   Yn Noard East Fryslân wurdt op ferskate plakken gas út de grûn helle mar der is noch hieltiten net sprake fan in goed byld by de start fan de wurksumheden. As der skea is moat it foar de helsdoarren wei helle wurde en ek it ûntbrekken fan  de saneamde nulmjitting makket it dreech.  Dat der ferfolchskea ûntstien kin , makket de situaasje yn Grinslân wol dúdlik.

No hat de Twadde keamer  fia in amendemint oanjûn dat foar alle mynbou-aktiviteiten de omkearde bewiislest jilde moat en dat der ek sprake wêze moat fan in nulmjitting.

Minister Kamp wol allinnich foar  Grinslân dit ynstelle en oare wingebieten komme derfoar net yn'e beneaming. FNP Dongeradiel is hjir min oer te sprekken .  Bewenners  yn ús regio bin gjin twadde rangs boargers en fertsjinje de deselde rjochten .  De  gefolgen fan it winnen fan gas, oalje en sâlt freegje om 100 % wissichheid foar de minsken en harren besit ,gjin goede regeling foar de ynwenners is net akseptabel.  FNP Dongeradiel hat har 1 ste Keamerlid Hindrik ten Hoeve fan de OSF fraksje wiist op de driigjende rjochts -ûngelikenis.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer