NIJS   08-03-2014


FNP posityf oer MFC/Doarpshûs Feanwâlden

De ôfrûne wiken is yn Feanwâlden ûnrêst ûntstien oer it útstellen fan in beslút oer it MFC/Doarpshûs yn de gemeenteried.

De FNP wol beslúten nimme op basis fan feiten en arguminten. Nei in ynformaasjejûn oer it MFC/Doarpshûs yn jannewaris, bleaune guon fragen ûnbeantwurde. Dêrom woe de FNP fraksje neiere ynformaasje ynwinje.

Begjin maart hat de FNP fraksje dan ek yn petear west mei it stichtingsbestjoer MFC/Doarpshûs en hat doe in helder byld krigen oer de sitewaasje. Fral it grutte draachflak foar de plannen ûnder de ynwenners fan Feanwâlden is foar de FNP tige wichtich.

FNP Dantumadiel fynt it foar de leefberens fan grut belang dat it doarp in breed droegen MFC/Doarpshûs kriget en hat dan ek in posityf gefoel by de plannen dy’t op 22 april oan de ried foarlein wurde sille.

Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer