NIJS   29-01-2016


Achtkarspelen: Skriftlike fragen FNP oer de kemping de 4 eleminten Strobos

soarch oangeande de ûntwikkelingen op de 4 eleminten.

Koatstertille, 29 jannewaris 2016


Oan kolleezje fan B&W Achtkarspelen te Bûtenpost,


Acht kolleezje,


Nei oanlieding fan de list ynkommen stikken wêryn u.o. yndividuele ûndernimmers út Gerkeskleaster/Strobos

en oare belutsenen harren soarch útsprekke oangeande de ûntwikkelingen op de kemping de 4 eleminten.

Yn in byienkomst fan ûndernimmers ôfrûne moandei, wêr't ek in fraksjelid fan de FNP by oanwêzich wie,

wurde fan ferskate oare ûndernimmers deselde soarch útsprutsen oangeande de ûntwikkelingen op de 4 eleminten.


Om hjir dúdlikheid yn te krijen hawwe wy inkelde fragen;


1. Binne de planûntwikkelingen fan de 4 eleminten no al as net yn striid mei it bestimmingsplan (RO en APV)?
2. Sa nee, kin it kolleezje by de ûndernimmers de soarch fuorthelje en hjir dúdlikheid ferskaffe.
3. Sa ja, is it kolleezje dan ek fan plan te hanthavenjen op basis fan fêststeld belied.
4. Sa nee, wêrom net?
5. Wurdt der no al as net permanint wenne op de kemping en is dit konform belied.


Ut namme fan de FNP fraksje,
Sake van der Meer



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer