NIJS   22-01-2016


Achtkarspelen: FNP wol befolking Achtkarspelen riedplachtsje oer komst AZC

Riedsbydrage Tjibbe Brinkman, wêrom de FNP tsjin moasje CDA,PVDA,CU en VVD stimt

De FNP fraksje hat yn de lêtse riedsfergadering fan 21 jannewaris tsjin in moasje fan CDA,PVDA,CU en VVD stimt om it kolleezje allegear farianten fan opfang fan flechtelingen ûndersykjen te litten. 

 

Bydrage Tjibbe Brinkman:

 

It kolleezje hat sprutsen en op de konkrete fraach fan it COA in helder andert jûn. Gjin AZC fan 400 oant 600 minsken. In oare fraach is net steld.

 

Fierders hat it kolleezje fuortendaliks posityf reagearre op it realisearjen fan krises opfang yn Gerkeskleaster.

De taakopjefte foar húsfesten fan statushâlders binnen Achtkarspelen hat it kolleezje realisearre.

De krisis opfang yn Gerkeskleaster is evaluearre.

It fersyk op needopfang as oare opfang, by it wegerjen fan in mânsk AZC wurdt grutter is troch de portefúljehâlder ek beändere nei oanlieding fan de 12 fragen fan it CDA.

 

De mooglike beskikbere lokaasjes binne ek al mei ús dielt.

 

Dan it punt bedriuwichheid en partisipaasje. Dit is in punt fan de yntsjinners wer't in echte VOC mentaliteit útsprekt

It docht ús tinken dat it dôchs giet oer de opfang fan flechtelingen en om de minske.

Ik hear neat oars as solidariteit en barmhertichheid. Dan makket de ekonomyske faktor of grûnposysjes dôchs neat út.

Of binne de minsken allinnich wolkom as oan harren fertsjinne wurd? Is it ekonomyske barmhertichheid. De dominee en de koopman?

 

Dan de feiligens:

Hjir wurdt al fanútgong dat hjir fan alles komt want der wurdt bygelyks frege hoe der mei de Nederlânske (blykber gjin Fryske?) noarmen en wearden

omgien wurdt en foarljochting oan de flechtelingen. It giet hjir dôchs om in ûndersyk nei mooglikheden?

 

Dan it punt oer aard en skaal en draachflak. 

Foarsitter, minsken opfange dy't troch oarloch en geweld op de flecht binne is in solidêr en morele kearnwearde fan de FNP.

Noed stean en gastfrij wêze foar har dy't it echt nedich binne.

Mei it saneamde "Bed, Bad en Brood opfang" kin dit fia de krisisopfang as needopfang.

 

Foar in mooglike AZC wolle wy earst in draachflak mjitting yn ús gemeente.

De FNP fan Achtkarspelen behellet graach har ynwenners by de beslútfoarming fan oerstiigjende ûnderwerpen en fraachstikken

dy 't in sterke maatskiplike ynpakt hat yn ús gemeente. De belutsen mienskip en partisipaasje is grut ûnderdiel fan ús koalysjeprogram.

Draachflak mjitting troch de ynwenners fan Achtkarspelen in stim te jaan fia in referindum is yn dit gefal de passende foarm fan direkte demokrasy.

In referindum kin hjir brûkt wurde om al ús ynwenners fan de gemeente yn in betiid stadium nei har miening freegje te kinnen oer in wichtich ûnderwerp sa as bygelyks in AZC.

 

Konklúzje

 

It giet mei dizze moasje net om krisisopfang, needopfang en statushâlders, want dat is allegear wol dúdlik. Hjir giet it om de miening fan "wolle wy yn Achtkarspelen in AZC" .

It Kolleezje hat hjir sprutsen en oare oanfragen binne der op it stuit net.

 

Fan de PVDA witte je fan te foaren hoe se earne ynsteane. Al binne je it der net mei iens harren stânpunt it is helder en dúdlik yn dit gefal

hoe mear hoe better.

 

It CDA hat fan it begjin ôf gjin miening joen oer wol as net in AZC.

En omdat se gjin miening jaan wolle en benaud binne om har út te sprekken, dan komme je mei dizze slappe moasje om it kolleezje wat ûndersykjes dwaan te litten.

It CDA wit de antwurden al. It CDA wit ek dekselse goed wat se wol en net wolle. Siz it dan gewoan

Nee as it derop oan komt dan dûkt it CDA dêrfoar wei. Of binne it CDA skoskespringers dy har miening eltse kear feroarje, wat polityk harren it bêst útkomt.

Binne de politike spultsjes sels by dit ûnderwerp belangriker foar jimme. Beken ris in kear kleur en wês dúdlik.

 

taheakke de moasje fan it CDA,PVDA,CU en VVD



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer