Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 44
Datum: 21 jannewaris 2016
Underwerp: bedriuwen dy't sâltstruie
Acht kolleezje,
Frij resint hienen wy yn ús gemeente te krijen mei ekstreme glêdens dy't nochal wat problemen yn de doarpen opsmiten hawwe.
Der binne ynwenners dy't inkele dagen net nei bûten west binne. En as dan ús ynwenners wat ynformaasje hawwe wolle
op de hiemside fan ús gemeente oer de bestriding fan de glêdens op privéterrein, dan wurde der in 3 tal bedriuwen yn neamd
dy't jo ynskeakelje kinne as jo foar josels en foar eigen rekken sâltstruie wolle.
Wy hawwe de folgjende fragen:
1. Wy wolle graach fan it kolleezje hearre wêrom op ús hiemside mar in 3 tal bedriuwen oanpriize wurde foar de bestriiding fan de glêdens yn ús gemeente?
2. Ek wolle wy graach witte mei hokker doel oare bedriuwen dy't ek graach sâltstruie wolle net neamd wurde? Is dit bewust dien?
3. Is it kolleezje ek mei ús fan betinken dat it net sa wêze kin dat der selektyf inkele bedriuwen oanpriizige wurde,
mar as in stikje tsjinstferliening dan alle bedriuwen, dy't soks oan kinne neamd wurde moatte?
Ut namme fan de FNP Achtkarspelen,
Sake van der Meer