NIJS 21-03-2014
19 maart: wat in geweldige dei foar de FNP!
Tolve jier ferlyn hawwe wy de FNP op'e nij op'e gong brocht yn Dantumadiel. Wy hiene doe fuortendaliks 2 sitten en dat wie fansels in boppeslach!
By de ferkiezings fan 2010 behellen wy spitigernôch mar 1 sit. En dat makke it wol dreech foar ús riedslid en de skaadfraksje.
Wy hawwe dizze ferkiezings dan ek mei help fan it haadbestjoer alles op alles set yn'e kampanje En dat hat ús in ekstra sit opsmiten. Lykas oare gemeenten yn ús regio!
Grut is ús tank oan de minsken dy't fertrouwen yn ús útsprutsen hawwe en wy sille ús uterste bêst dwaan om dat fertrouwen wier te meitsjen. Eltsenien kin altyd in berop op ús dwaan, at der fragen binne.
Foar Sake van der Bij en Willy Wijbenga betsjut dit ek dat se mei in goed gefoel ôfskie nimme kinne fan it bestjoer. Der stiet in nij, entûsjast team klear om it stokje oer te nimmen.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP