Skriftlike fragen op grûn fan it Reglemint fan Oarder, artikel 44
Datum: 13 jannewaris 2016
Underwerp: de ekstreme glêdens fan ôfrûne wike yn Achtkarspelen
Acht kolleezje,
Mei nei oanlieding fan klachten fanút ferskate doarpen dy't ek us FNP-fraksje berikt hawwe,
oangeande de ekstreme glêdens yn ús gemeente en sjoen it feit dat ús fêststelde struiroute
it belied fan ús gemeente is, hawwe wy as FNP-fraksje in oantal fragen oan it kolleezje.
Ús fragen:
1. Dizze glêdens wie al in oantal dagen oan de gong en kinne wy ekstreem neame, is it kolleezje ek fan doel
om de lêste fase fanút it struibelied yn foarkommende gefallen flugger yn wurking gean te litten en fuortdaliks
yn ús hiele gemeente te struien?
2. Is it kolleezje ek fan doel om yn foarkommende gefallen, yn elts gefal by ‘Koade Read' yn de hiele gemeente te struien?
3. Is it kolleezje mei ús fan betinken dat it net akseptabel is dat de wegen yn ‘e doarpen sa gefaarlik glèd binne,
en dat der eins wat barre moat yn sa'n tastân?
4. Is it kolleezje ek fan doel om mear omtinken te hawwen foar bygelyks de fytsroutes fan skoallebern en dizze dochs allegear te struien?
Ut namme fan de FNP-fraksje,
Sake van der Meer