Sawat 50 jier hat men der oer dien om ta dizze oplossing te kommen. Der moast earst in boat tsjin de gammele brêge farre om dúdlik te meitsjen dat de kwetsberens grut is. Yn oparbeidzjen mei provinsje, de bedriuwen en de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel is de nije dyk oanlein. Deputearre Poepjes, Boargemaster ter Keurs en fertsjintwurdigers fan de bedriuwen hawwe troch it fuortsetten fan de tichtset de dyk iepene. Der stienen al ferskate frachtweinen foar te wachtsjen.
In grutte winsk is noch it trochlûken fan de dyk om it bedriuweterrein hinne nei de Skûlenboargerwei ta. De nije dyk rint no oan de bedriuwen ta en is dus dearinnend.