Yn Ie, Mitselwier, Nijewier en Holwert waard in besite brocht oan de karbidsjitploegen. De riedsleden Fedde Breeuwsma, Lolke Folkertsma en Ernst Meinsma wiene presint. 'Karbidsjitten is ûnderdiel fan de kultuer fan ús doarpen en dêrfoar moat de romte wêze " , neffens de oanwêzige FNP riedsleden. Fedde Breeuwsma liet witte dat by it karbidsjitten nije styl de feilichheid goed yn acht nommen wurdt. Boppedat is it fanôf ien plak organisearjen al in sjitten sûnder dat in protte minsken der lêst fan hawwe. De komst fan de FNP riedsleden waard tige wurdearre en tagelyk waarden der noch tal fan nijsgjirrige mienskipssaken mei inoar dielt.