NIJS   19-02-2016


Jkramer: Greidfûgellektor bekendmakke

Op de gearkomste fan it Agrarysk Natuer en Lanskipsbehear 2016 mocht ik sprekke oer Agrarysk Natuerbehear. En bekend meitsje wa't de nagelnije lektor wurde sil dy't it weidevogellectoraat fersoargje sil.

It thema wie ‘Lerend beheren en kennis delen' en fûn plak yn Driebergen. De moandeis derfoar hiene wy yn Oentsjerk de risseltaten fan it greidfûgelbehear presentearre. It Agrarysk Natuerbehear docht fertuten foar ús greidfûgels. Mar de stabilisaasje fan de delgong is fansels noch net genôch. De gong omheech moat makke wurde. En derfoar is wichtich dat wy witte wat wurket foar greidfûgels en wat net. Dêrby kin fansels it weidevogellectoraat dat wy as provinsje Fryslân, tegearre mei it Ministearje fan Ekonomyske Saken en Nordwin, Van Hall Larenstein en de Dairy Campus realisearje, in wichtige rol spylje. Mefr dr Astrid Manhoudt wurdt de earste greidfûgellektor. Ik hoop dat wy meikoarten in soad fan har hearre én leare kinne!



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer