NIJS 28-04-2014
Kolleezje CDA, CU en FNP
De ôfrûne wiken hawwe Jerrit de Bruine en Emke Peterson ferskate kearen oerlis
hân mei CDA en CU oer de kolleezjefoarming. De petearen ferrûnen yn in goeie sfear dat sadwaande koene we
ek yn koarte tiid ta oerienstimming komme.
Fansels moast der wol praat wurde oer in oantal ferskillen. Alle
partijen binnen hjir yn goede harmony úkommen. Mei it
ferkiezingsprogramma as reade tried kin de FNP himsels
goed werkenne yn it stik dat tiisdei 29 april oan de ried
foarlein wurdt.
Fanút de FNP fraksje is Emke Peterson foardroegen as wethâlder mei de folgjende portefúlje: Mienskip en Ekonomy.
Corry Ludema nimt it plak fan Emke Peterson oer yn de ried.
Tags:
Algemien
MEAR OER DIT ÛNDERWERP