Weryndieling ferfolch op in amtlike fúzje.
Yn 2014 besletten de rieden oer te gean ta in amtlike fúzje fan de fjouwer gemeenten. Dizze amtlike fúzje, dêr ' t amtners yn ien organisaasje sitte en de bestjoeren apart bliuwe, wurdt realisearre mei yngong fan 1 jannewaris 2017. In logyske kar by gearwurking fan gemeenten. Ein maart nimme de gemeenterieden in beslút oer de bestjoerlike takomst en wurdt dúdlik oft de amtlike fúzje wurdt folge troch it proses om te kommen ta in weryndieling.Hiel wat ûndersyksrapporten jouwe de riedsleden de ynformaasje om har kar te meitsjen.
Sentiment/kultuer.
In Wâldpyk bliuwt in Wâldpyk, in Klaaiklút bliuwt in Klaaiklút en in Dockumer bliuwt in Stedsjer... In Fries is in Fries en noch nea in Dantumadieler... Minsken binne sels mânsk genôch om hja oan harren wearden fêst te hâlden dus ek mei in politikefúzje gjin ferskillen yn wearden. Respekt tsjinoer elkoar is perfoarst winsklik.
Sterker bestjoer.
As gefolch fan de krimp en de fergrizing hawwe de DDFK gemeenten in soad mienskiplike útdagingen.
Ut ien gruttere gemeente kin de regio diedkrêftiger ynspylje op mânske en komplekse opjeften lykas krimp, ekonomyske ûntjouwing en toerisme en rekreaasje. Nije ûntjouwingskânsen yn de regio, lykas de Sintrale As en de oanlis fan glêsfezel kinne mei- inoar aksje mei mear krêft oppakt wurde.
Boppedat hat in grutte gemeente rjochting gearwurkingspartners sa 't de provinsje en it Ryk mear ynbring dan meardere ôfsûnderlike lytse gemeenten.
De provinsje Fryslân stiet posityf tsjin in weryndieling fan de DDFK gemeenten oer.
Tsjinstferliening.
Mei in robústere organisaasje binne de gemeenten minder kwetsber, dêr 't de tsjinstferliening oan ynwenners en bedriuwen better garandearre wurde kin. In ambtelike brei fan regelsfoarming foarkomme mei fjouwer djoere rieden op it plúsj. Ien ried is winsklik.
Finânsjeel perspektyf.
De begruttingsposysje fan alle fjouwer gemeenten stiet ûnder druk. De ôfrûne jierren binne der yn alle fjouwer gemeenten ferskate besunigingsrûndes west.Mei in bondeling fan krêften, middels en ferantwurdlikheden hawwe de gemeenten kânsen om ta in bettere begruttingsposysje te kommen as wannear 't de fjouwer gemeenten dat elts foar harsels dwaan moat.
Ferfolch.
As de fjouwer gemeenterieden ynstimme mei it opstelle litten fan in konsept-weryndielingsûntwerp foar de fjouwer gemeenten, wurdt in begjin makke mei de proseduere om te kommen ta in gemeentlike weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2019 yn Noardeast-Fryslân. In ûnderdiel fan dy proseduere is in draachflakmjitting ûnder de befolking dy ' t dit jier plakfine sil. Yn novimber fan dit jier wolle de kolleezjes it weryndielingsûntwerp foar fêststellen oanbiede oan de gemeenterieden.