Kearnwearden fan ús FNP

 

Demokrasy

De macht leit by it folk op basis fan it prinsipe fan betrouwen. It bestjoer kriget de folmacht fan it folk en mei it betrouwen dêrfan net beskamje.

 

Bestjoersfoarm

De FNP stribbet nei in bestjoersfoarm dêr't it foech dellein wurdt by de leechste oerheden, om't dêr de bining mei de boargers it grutst is. De FNP kiest derfoar om it foech sa folle mooglik binnen Fryslân te lizzen.

 

Solidariteit

De FNP is in mienskipspartij, kenmerke troch in sterk solidêr tinken. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde,sa dat nimmen oan de kant komt te stean.

 

Duorsumens

De FNP wol de wrâld goed neilitte oan de kommende generaasjes. We meie net potfertarre, mar moatte sykje nei ekonomyske besteansfoarmen dêr't lykwicht is tusken konsumearjen en konservearjen.

 

Undernimmerskip

De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, sa dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.

 

Taal en kultuer

Taal en kultuer drage yn hege mate by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken en mienskippen. De FNP stiet noed foar de Fryske taal. Ek makket de FNP him sterk foar ús kultuer as mienskiplik erfguod fan Fryslân.

 



Tags: algemien

2019 FNP Fryslân - Disclaimer