POLITYK

FNP

De FNP Dantumadiel is in ôfdieling fan de Provinsjale FNP. Yn 1962 is de FNP oprjochte as earste regionale politike partij yn Nederlân en is nei 40 jier in eigen faktor wurden yn de Fryske polityk. Mei de ferkiezings fan 2003 waard de FNP provinsjaal mei 7 sitten de 3e partij. Mear ynformaasje oer de provinsjale FNP kinne jo fine op de Provinsjale side.

 

FNP Jongerein
De jongerein fan de Fryske Nasjonale Partij is in kommisje foar FNP leden oant en mei 30 jier. Wy binne as FNPJ in iepen politiyk jongerein platfoarm. De FNPJ siket de jongerein yn de provinsje op en is altyd ree op it petear oan te gean.

Lanlike ynfloed FNP
De leden fan de Provinsjale Steaten yn Nederlân kieze de leden fan de Earste Keamer. De FNP wurket gear mei oare lokale partijen. Hja ha harren ferienige yn de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie).


FRYSKE TAAL

Praat mar Frysk
Mear as de helte fan de Friezen praat Frysk. Yn 'e plattelânsmeenten leit dat persintaazje sels noch in stik heger: sa'n 70%. En sawat eltsenien ferstiet it. Lit de minsken dêrom witte dat njonken it Nederlânsk it Frysk ek wolkom is: Praat mar Frysk!

Taalweb.frl
Taalweb.frl is de nijste staveringshelp foar it Frysk.


It Nijs
It Wrâldnijs, Nederlânsk of Frysk nijs yn it Frysk troch de Ried fan de Fryske Beweging.



2019 FNP Fryslân - Disclaimer