NIEUWS   04-05-2014


Dankwoord Emke Peterson

Bij zijn benoeming als wethouder, heeft Emke Peterson het volgende dankwoord uitgesproken:

IEmke Peterson 2014t kin raar rinne. Op jin 64ste noch in grutte karriêre-switch meitsje. Dêr moast ik noch wol efkes oer neitinke. Ik soe ommers oer in goed jier ek mei pensjoen gean kinne. En no wurdt it de kommende  fjouwer jier wethâlder yn ús gemeente.

Yn it foarste plak wol ik de FNP tank sizze foar it fertrouwen dat sy my as kandidaat foardroegen ha. Ek it oantrúnen fan Durkje, myn frou, om it te dwaan hat tige wichtich west. Ek tank foar it fertrouwen fan de ried. Ik hoopje dat wy de kommende fjouwer jier in goeie gearwurking ha sille.


Ik ha no fjirtjin jier yn de ried sitten. De lêste jierren waard ik wol ris "it geweten fan de ried" neamt. Saken en beslúten fan jierren ferlyn koe ik noch wol ris foar it ljocht helje. Hjoed stie yn de Ljouwerter Krante in stik oer kuier- en halepaden. Sander de Rouwe fûn it mar spitich dat de Sintrale As de Halepaden trochsnijt en dat de minsken oardel kilometer omrinne moatte. Doe moast ik weromtinke oan in moasje dy't ik yn desimber 2005 ynstjinne om in tunnel ûnder de Sintrale As oan te lizzen sadat de Halepaden trochrinne koene.

Sa stadich oan wurde jo dan as riedslid in âld rôt yn it fak. En no as wethâlder wurde jo sa mar "in jonge hûn", want fansels moat earst alles noch leare.


Ik bin hiel bliid mei myn portefúlje.

Mienskip; dat hâld ûnder oaren yn wolwêzen, jongereinwurk, sport en doarpenkoördinaasje

Ûndernimmen; dat is ekonomie, bedriuwen en rekréaasje en toerisme.


Lykas de boargemaster en ek de oare wethâlders, bin ek ik fan miening dat ik de moaiste portefúlje ha.
Moai dat we it allegearre sa troffen ha.

Dat jout in soad fertrouwen foar de kommende fjouwer jier.


Dankewol.



Tags: Algemien

MEER OVER DIT ONDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer